Namme kolleksje
Heritage Center D.E
Kontaktgegevens Heritage Center D.E
Hester Wandel
hester.wandel [at] jdecoffee.com
Keulsekade 143
3532 AA Utrecht
Kolleksjes
- Reklamemateriaal: ûnder mear emaillearre boarden, affysjes, rútbiljetten, kalinders, commercials
- Geskinken: ûnder mear berneboeken, kofjemûnen, diggelguod, albums fan lannen
- Ferpakkings kofje, tee en tabak
- Dia-/fotomateriaal, ûnder mear fan personiel, terreinen, winkels
- Jierferslaggen
- Personielsblêden
- Bibleteek
- Oare snústerijen
Untsteansskiednis
De kolleksje fan it Heritage Center D.E is troch de jierren hinne stadichoan opboud, ynearsten as ûnderdiel fan de sintrale argyfôfdieling. Yn de jierren 80, yn ‘e tiid fan Cor Boonstra, krige it doedestiidske Bedrijfshistorische Centrum mear omtinken en waard dat in selsstannige ôfdieling. Om de ieuwiksel hinne krige it Heritage Center D.E syn eigen lokaasje, dêr’t mear romte foar de kolleksje wie en der ek fierder útwreide wurde koe.
Benammen om it jier 2003 hinne, doe’t Douwe Egberts 250 jier bestie, wie der in pyk yn ynformaasje- en oarssoartige oanfragen en fersiken foar it Heritage Center. In protte materiaal waard doe ek fia de doedestiidske webside fan Douwe Egberts (digitaal) ter beskikking steld.
Stap foar stap krige it Heritage Center in hieltyd promininter plak yn ‘e kommunikaasje nei de klanten en konsuminten ta (ynstee fan in meiwurker dy’t oeral antwurd op wist). Yn dit ferbân hat Michiel Herkemeij, DEO fan Douwe Egberts yn ‘e tiid fan ‘e ferselsstanniging, in wichtige rol hân troch it Heritage Center mei mear klam oan marketing te keppeljen.
De hjirboppeneamde ûntjouwings hawwe ta eintsjebeslút risselteare yn in nije lokaasje yn Utert, dêr’t men gasten ûntfange kin dy’t dernei ûnderdompele wurde yn de rike skiednis fan Douwe Egberts.
Doelstelling
It Heritage Center D.E hat de folgjende doelstellings:
- It feilichstellen fan (kennis oer) it ferline fan Douwe Egberts (kofje, tee, tabak)
- It jaan fan ynformaasje oer de skiednis fan Douwe Egberts (kofje, tee, tabak)
Dat bart trochmiddels:
- Akwirearje (it ynnimmen fan nij materiaal foar de kolleksje);
- Behearje (ynklusyf it tagonklik meitsjen), lykas dizze webside;
- Beskikber stelle (fan ynformaasje oer en út) de kolleksje. Dit kin yn ferskate foarms, lykas (bydragen oan) tentoanstellings en ûndersiken.
Webside
http://www.heritagecenter.info/
Publikaasjes
Van der Zee – van Winkelnering tot Wereldmerk
Boek oer famylje De Jong